Nawijn út Vaatstra-stichting

05 jun 2007 - 11:18
  • Nawijn, earder op it plak by Feankleaster dêr't Marianne fûn waard

Ald-Twadde-Keamerlid Hilbrand Nawijn hat him weromlutsen út it ûndersyk nei de moard op Marianne Vaatstra. Hy is teloarsteld yn heit Bauke Vaatstra. Dy wol dat Nawijn bonnen sjen lit fan de oanskaf fan in kompjûter en in telelins, mar dy hat Nawijn net.

Heit Vaatstra giet no fierder mei in partikulier resjersjeur en in âldresjersjeur. Marianne waard yn 1999 fermoarde. De lêste tiid binne noch in tal nijsgjirrige tips binnenkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)