Ryk jout mikrokredyt

© Omrop Fryslân
Minsken mei in útkearing yn Ljouwert, Rotterdam en Lelystêd kinne by it Ryk oanklopje foar in mikrokredyt as se mei in bedriuw begjinne wolle. It kabinet lûkt dêr 6 miljoen foar út.
It giet om in eksperimint dêr't 300 ûndernimmers oan meidwaan kinne. Doel is dat sy nei de bank gean en dat it ministearje garant stiet foar in kredyt. De dielnimmers krije dêrneist help by it opstellen fan in ûndernimmingsplan.