Friezen sleauwe betellers
Friezen binne net sa trou as it giet om it beteljen fan de rekkens. Mar 40 prosint betellet fuortendaliks. Dêrmei betellet Fryslân minder trou as it lanlik trochsneed dat op 50 prosint leit. Mear as de helte fan 'e Friezen betellet de rekken wolris te let.
De sifers komme út in ûndersyk nei it betelgedrach fan Nederlanners yn opdracht fan GGN Incassospecialisten en Gerechtsdeurwaarders. Mei-inoar hawwe dêr 1600 minsken oan meidien.