Froulju mishannelje oare frou

© Omrop Fryslân
In frou (21) út Snits is moandeitejûn yn har wenplak oerfallen en bestellen. Se fytste oer de Scherhemstrjitte en wie oan it beljen, doe't se ynhelle waard troch in auto mei twa froulju.
Ien fan de twa stapte út, pakte de fytster beet en sloech har. De frou kaam te fallen, waard wer slein en skopt. Har mobile tillefoan foel ek op de grûn. de fertochte pakte dy en stapte doe wer yn de auto. De twa froulju binne noch net fûn.