Man ferûngelokke by Grou

04 jun 2007 - 19:22

By in ferkearsûngelok op de J.W. de Visserwei by Grou is moandeitemiddei in man om it libben kaam. It slachtoffer kaam mei syn auto yn botsing mei in oare auto mei deryn twa minsken. Beide auto's kamen yn in droege sleat telâne. It slachtoffer ferstoar yn it sikehûs.

De beide ynsittenden fan de oare auto hiene nekkeklachten. De oarsaak is noch net dúdlik. De ferûngelokke is in 66-jierrige man út Sumar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)