Feest foar Marrekrite

Elke Fryske boateigner ken De Marrekrite....
De Marrekrite bestiet 50 jier. Dat jubileum waard moandei fierd mei in boattocht oer de Alde Feanen. Boppedat waard fierder opfleure mei de ynstallaasje fan in nije foarsitter: deputearre De Vries.
De Marrekrite waard 50 jier lyn oprjochte om foarsjennings foar wettersporters oan te lizzen en te ûnderhâlden. De Marrekrite lei inkele hûnderten oanlisplakken oan en soarget bygelyks foar it opheljen fan ôffal.