Soad skea foar oanfearn skip

It frachtskip Corina, dat moandei yn de haven fan Harns yn botsing kaam mei in oar skip, hat flink wat skea oprûn. Der sit in skuor fan in meter yn de romp. Ek binne de motor en de elektryske liedings swier beskeadige.
De brânwacht hat yn de haven skermen dellein, dy't de oalje út it skip tsjinhâlde moatte. De skuld fan de oanfarring leit by it oare skip, dat by it ynfarren fan de haven de bocht te rom naam.