Nije mienskip yn bisdom

© Omrop Fryslân
De Kolumbiaanke religieuze mienskip Misioneros de Cristo Maestro krijt twa festigings yn it bisdom Grins en Ljouwert. Yn Kolumbia komme de leden fan de mienskip op foar terminaal siken lykas aidspasjinten en foar ferwaarloasde bern en jongeren.
Oer net al te lange tiid komme acht leden nei Nederlân. It bisdom tinkt dat de komst fan nije religieuze groepen in belangrike ympuls jaan kin oan it leauwen yn it bisdom.