Snelheidsduvel oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat de motorboat fan in Ljouwerter yn beslach nommen, om't de man mei fierste hege snelheid oer it wetter foer. De skipper waard sjoen by de slûs fan Terherne. Nei in efterfolging koe de plysje de man oanhâlde yn de wyk Suderbuorren.
De plysje hâldt de man al trije jier yn 'e gaten om't er hieltyd wer te hurd oer it wetter stoot. Hûndert kilometer yn 'e oere wie dêrby mear regel as útsûndering.