Feanspilers sykje sike bern op

Spilers fan SC Hearrenfean en FC Grins sille nije wike mei-inoar nei it sikehûs yn Grins om dêr slim sike bern op te sykjen. De spilers fan Grins dogge dit faker, mar omdat ek in soad bern út Fryslân yn it UMCG lizze, is frege oft de spilers fan SC Hearrenfean dat ek dwaan wolle.
Foar Hearrenfean sille Arnold Kruiswijk en Bas Dost by de bern op besite. De timing is wol spesjaal, want takom wykein sille beide ploegen tsjin elkoar fuotbalje. De noardlike derby is nije wike sneon yn de Euroborg yn Grins.