Mishanneling yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 21-jierrige Ljouwerter wurdt fertocht fan it mishanneljen fan in 24-jierrige man út Almere. De Ljouwerter waard sneontemoarn betiid betrape yn de Doelestege yn Ljouwert troch twa surveillearjende plysjeminsken.
Dy seagen dat de Ljouwerter op it slachtoffer yntrape en ynsloech. De man is oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Wêrom't de man begûn te slaan, is net bekend.