Jonges (15) stelle auto

03 jun 2007 - 15:38

Twa 15-jierrige jonges fan De Westerein en Damwâld binne sneontejûn oanholden troch de plysje. Se wurde fertocht fan it stellen fan in parkearde auto op de Brughelencamp yn De Westerein.

De eigneresse (29) fan de auto hie har autokaaien yn it kontaktslot sitte litten. De plysje hat de beide jonges op de Badwei yn De Westerein oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)