Rolstoel stellen yn Snits

© Omrop Fryslân
Ut in portyk fan in wenning oan de Kalkovens yn Snits is sneon in elektryske rolstoel stellen. De rolstoel wie dêr om 18.00 oere troch de eigneresse (52) delset.
It giet om in donkerblauwe rolstoel fan it merk Puma, type Yes10. De stoel hat grize spatskermen, in grize akku en in swarte stoel. De bestjoering wurdt dien troch in joystick oan de linkerkant fan de rolstoel. Op it fersekeringsplaatsje stiet FRW658.