Motorrider swierferwûne
In 41-jierrige motorrider is sneontemiddei ûnderút gong op de Heidenskipsterdyk yn It Heidenskip. De man ferlear troch ûnbekende oarsaak yn in bocht de macht oer it stjoer.
De motorrider rekke dêrby sa swier ferwûne dat in traumahelikopter ynset waard. Hy is oerbrocht nei it Universitêr Medysk Sintrum (UMCG) yn Grins.