Ynterregionale eksekúsje-aksje

© Omrop Fryslân
Meiwurkers fan de Parketplysje fan Grinslân, Fryslân en Drinte ha sneon in ynterregionale eksekúsje-aksje holden yn de trije noardlike provinsjes. It wie de earste kear dat der op dit terrein gearwurke waard.
Tusken 06.00 en 14.00 oere waarden persoanen oanholden dy't noch boetes of finzenisstraffen iepenstean hienen. Yn totaal waarden 400 wenningen besocht en waarden 62 manlju en 8 froulju oanholden.