Dales te gast yn 'Attiek'

03 jun 2007 - 13:30
  • Diskusjekafee Attiek yn Parnas
  • Geert Dales, (no noch) boargemaster fan Ljouwert

Geert Dales is freed 15 juny haadgast fan Attiek, it diskusjekafee oer arsjitektuer en stêdebou yn Parnas yn Ljouwert. De boargemeester lit dêr syn seleksje fan arsjitektoanyske hichtepunten yn Ljouwert sjen.

Ta de toppers rekkenet Dales ûnder mear de Achmea-toer, de Kanselarij, wenhûs De Jong oan de Bordinewei yn Nijân en Amicitia. Inkelde djiptepunten sil er ek taljochtsje. Sa fynt Dales it stedskantoar ûnsjoch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)