Jaap Stam bêste Cambuur-spiler

Ferdigener Jaap Stam is op de reuny fan Cambuur útroppen ta bêste spiler ea fan Cambuur. Hy waard ek útroppen ta de bêste ferdigener dy't ea by de Ljouwerters spile hat.
Ta bêste keeper waard Fred Grim keazen, Carlo de Leeuw wie de bêste middenfjilder en Harry van der Laan de bêste oanfaller. De goal fan keeper Oscar Zijlstra, dy't yn ien kear skoarde út in úttraap, is keazen ta moaiste goal.