Handikapten as byrider

Rintje Oenema: dit is in geweldige dei
Minsken mei in ferstanlike handikap koene sneon wer mei foar in ritsje op de frachtwein. In kolonnne mei 85 trucks ried troch Fryslân mei elk in spesjale byrider oan board. De aksje waard foar de sande kear hâlden.
De tocht wurdt organisearre troch Jan Terpstra en Harry Bekkema. Oer trije jier wolle se it stokje oerdrage, mar oant no ta hawwe har noch gjin opfolgers opponearre.