Kompromis oer Geart Benedictus
It Fryske CDA-Steatelid Geart Benedictus komt oer twa jier yn de Earste Keamer. Hy soe der earst net yn komme, om't tsjin de ôfspraken yn steateleden út Súd-Hollân foar har eigen kandidaat stimden. Op it lanlik partijkongres yn Utrecht hat it Fryske CDA dêr sneon tsjin protestearre.
As kompromis is der no útkommen dat de Súd-Hollander de earste twa jier sitting nimt. Dêrnei makket er plak foar Benedictus.