Sleat yn midsieuske sfearen

02 jun 2007 - 16:34

Ynwenner fan Sleat rûnen sneon yn histoaryske kostúms om yn it stedsje. Ek de stjitte wiene 'misieusk oanklaaid'. Yn it Alvestêdestedsje wie sneon foar de tredde kear in histoarysk feest.

Hûndert frijwilligers brochten de besikers yn de stêd werom nei it jier 1588. Doe waarden de Spanjaarden ferjage nei in mislearre oerfal. De organisaasje ferwachtet dat der wol 10.000 besikers komme kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)