Elma de Vries ferspilet titel

Elma de Vries
Elma de Vries út De Haule is har titel op it Nederlânsk kampioenskip skeelerjen kwytrekke. De Friezinnen koe net meikomme yn de beslissende ûntsnapping. Se bedarre tusken de kopgroep en it peloton. De Vries waard úteinlik fyfde. Ferline jier wie se noch earste.
De titel gie nei Marieke van Hoek út Wassenaar. De wedstriid NK skeelerjen waard hâlden yn Nijverdal.