Man klemriden yn Drachten

02 jun 2007 - 13:58

In ynwenner fan Beetstersweach is freed bedrige yn Drachten. Hy waard mei syn auto klemriden troch in ynwenner fan it Grinslanner Mearum. Dy sloech ien fan de ruten fan 'e auto yn en besocht it slachtoffer te slaan. De Mearumer naaide dêrnei út, mar koe letter troch de plysje oanhâlden wurde. De man is fêstset op it buro.

De plysje siket tsjûgen fan it ynsidint. De Mearumer soe mooglik ek drige hawwe mei in fjoerwapen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)