'Drankmaatregel net wurkber'

© Omrop Fryslân
Hoareka Fryslân ferwachtet net in soad goeds fan in foarstel fan minister Ter Horst. Sy wol dat gemeenten sels bepale oft se de leeftiidsgrins foar alkoholferkeap ferheegje fan 16 nei 18 jier. De ministearried stipet it foarstel fam Ter Horst.
De kontrôle sil foar gemeenten net maklik wêze. It probleem moat net dellein wurde by de hoareka, mar der moat optreden wurde tsjin drinkers ûnder de 16 jier, fynt Hoareka Fryslân.