Cambuur wint fan Den Bosch

23 mrt 2012 - 22:39
  • SC Cambuur

Sc Cambuur hat freedtejûn de thúswedstriid tsjin FC Den Bosch mei 1-0 wûn. De winnende goal foel yn de 23e minút en kaam op namme fan Martijn Barto. Cambuur wie bynammen yn de earste helte folle better as FC Den Bosch. De Ljouwerters fuotballen hiel goed en de 1-0 foarsprong wie in meagere ôfspegeling fan de ferhâldings yn it fjild. Yn de twadde helte besocht FC Den Bosch it wol, mar echt grutte kânsen krigen de Brabanners net.

Cambuur fersomme noch in pear kear te skoaren en sadwaande bleau it ta de ein ta spannend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)