Stipe foar Benedictuslobby

02 jun 2007 - 12:20

Alve regiofoarsitters fan it CDA stypje de lobby fan it Fryske CDA om Geart Benedictus fan De Jouwer oan in sit yn de Earste Keamer te helpen. Benedictus helle it de ôfrûne wike krekt net, omdat guon steateleden út Súd-Hollân tsjin de ôfspraken yn op in eigen kandidaat stimden.

Dat betsjut dat der gjin Fries mear foar it CDA yn de senaat sit. Mei in resolúsje op it partijkongres wol it Fryske CDA Benedictus oan in sit helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)