Faak tefolle toeristebelesting

02 jun 2007 - 10:48

Gasten fan bungalowpark De Potten yn Offenwier betelje seis kear safolle toeristebelesting as de gemeente opleit. Dat hat it Algemeen Dagblad útfûn. Hierders fan in bungalow op it park betelje per nacht trije euro toeristebelesting, wylst it park mar 50 eurosint hoecht te freegjen.

It AD hat foar de test 200 bedriuwen nei har toeristebelesting frege. By mear as de helte moat mear betelle wurde as de gemeente opleit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)