Debút Alves yn nasjonaal team

© Omrop Fryslân
Hearrenfean spits Afonso Alves hat freedtejûn yn it Wembleystadion yn Ingelân syn debút makke foar it Braziliaanske alvetal.
Tweintich minuten foar tiid kaam Alves yn it fjild as ferfanger fan AC-Milaan spiler Kaka. Nei in flater yn de ferdidiging by Ingelân skeat de Braziliaan krekt njonken it doel en by in hoekskop kopte de spits oer. De wedstriid tusken Ingelân en Brazilië einige yn 1-1.