Grutte ferkearskontrôle op A7

02 jun 2007 - 10:16

By in grutte ferkearskontrôle op de A7 by Terwispel binne freedtejûn 150 boetes útdield. Op de dyk waarden alle 5000 foarbykommende auto's kontrolearre. De measte boetes gienen nei bestjoerders dy't gjin kentekenbewiis by harren hienen.

Oare boetes wienen der ûnder oare foar in automobilist dy't sechtich wytplantsjes yn syn auto hie. Twa oaren wurde fertocht fan heling fan fytsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)