Winst Stroetinga en Westra

01 jun 2007 - 22:41

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat freedtejûn de Ronde fan De Harkema wûn. Yn de einsprint fan dit twadde kritearium fan de Pompeblêd-twadaagse wie hy krekt rapper as Sierd Steigenga fan Eksmoarre.

Lieuwe Westra fan Mûnein, de winner fan Gerkeskleaster, kaam as tredde oer de einstreek. Dat wie genôch foar de einoerwinning yn de Pompeblêd-twadaagse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)