PvdA-Fryslân wol foarsitter

01 jun 2007 - 21:10

De PvdA-ôfdieling yn Fryslân wol de nije foarsitter leverje foar it lânlik partijbestjoer.

PvdA deputearre Andriesen wol noch net kwyt wa't dizze kandidaat is; sy sels yn elts gefal net. De PvdA besiket der as partij wer in bytsje boppe op te kommen nei it ferlies fan de ôfrûne Twadde Keamer ferkiezings. In spesjale kommisje binnen de partij hat útsocht hoe't se sa ferlieze koene en frege dêrfoar ek Andriesen om rie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)