CDA: Geart yn Earste Keamer

Benedictus mooglik dochs nei Earste Keamer
It CDA Fryslân besiket dochs Geart Benedictus yn de Earste Keamer te krijen. De Fryske CDA-kandidaat helle it by de stimming krekt net. De Súd-Hollânske Steateleden stimden tsjin de ôfspraken yn foar ien fan har eigen kandidaten. Dy kaam sa mei foarkarstimmen yn 'e Keamer. It Fryske CDA wol sneon op it partijkongres yn Utrecht ôftwinge dat ien fan de Súd-Hollânders him weromlûkt.