Himpkwekerij Drachten oprôle
Yn Drachten is freed in himpkwekerij mei 1500 planten oprôle. De plysje foel de twa gebouwen op bedriuweterrein De Haven yn nei in tip. Yn ien fan de gebouwen waard in professionele kwekerij oantroffen. Yn it oare part waard noch drok wurke om de apparatuer te ynstallearjen.
De lêste romte bestie út twa ferdjippings en wie bedoeld foar sa'n 3000 planten. Der binne noch gjin fertochten oanholden.