Banemerk wurk yn Skandinavië

01 jun 2007 - 14:30

It CWI hâldt in spesjale banemerk foar minsken dy't wurkje wolle yn Skandinavië. De banebeurs is op 16 juny yn Eelderswolde yn Grinslân. In ferskaat oan Skandinavyske bedriuwen presintearret him dêr. Der is benammen ferlet fan personiel yn de soarch, de metaal en de automatisearring. Fierders kin der in fideoferbining lein wurde mei minsken dy't dêr al wurkje. Ek wurdt ynformaasje jûn oer de kultuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)