Scholma spilet remise

01 jun 2007 - 10:25

Dammer Auke Scholma (50) út De Pein hat tongersdei op it wrâldkampioenskip damjen yn Hardenberg remise spile tsjin de Let Misans. Syn kânsen op de titel binne dêrtroch net grut mear. De twa grutste konkurrinten fan Scholma wûnen harren partijen.

Scholma, dy't tsjinwurdich yn Baflo wennet, stiet mei twa ronden te gean op it fjirde plak mei 20 punten. De Rus Shvartsman en de Dútser Podolski stean boppeoan, beide mei 22 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)