Wymbrits past goed op it jild

01 jun 2007 - 10:22

De gemeente Wymbritseradiel hat it finansjeel goed dien yn 2006. Der is in oerskot fan 1,8 miljoen. Dat komt ûnder oare omdat de gemeente mear jild krige hat fan it gemeentefûns en fan it Ryk. Ek wiene de persoanielskosten leger.

In part fan it jild wurdt no brûkt foar in fytspaad fan Aldegea nei de Gaastmar, doarpshuzen en it opknappen fan de skoalle yn Skearnegoutum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)