Van de Kolk gjin senator

31 maaie 2007 - 21:39

Ad van de Kolk fan Wytmarsum wurdt dochs gjin Earste Keamerlid foar de SP. Ut de offisjele útslach, dy't tongersdei troch de kieskommisje bekend makke is, docht bliken dat hij net genôch foarkarsstimmen krigen hat. Hij hie acht stimmen nedich en hat der úteinliks mar fjouwer krigen.

Troch in rekkenflatter bij persburo ANP kaam fannewike noch grut yn it nijs dat Van de Kolk wol de kiesdrompel helle hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)