Ald filmmateriaal bewarje

Ald fideofragmint mei Hans Wiegel
It Fries Filmargyf komt yn aksje om âlde film- en fideobylden te rêden . Tûzenen unike histoaryske opnamen fan Fryslân driigje te ferdwinen, omdat de hâldberheidsdatum fan it materiaal dêr't se fan makke binne, foarby is.
It film-argyf ropt elk dy't noch âlde fideo- of filmopnamen hat, dy ôf te stean, sadat se rêden wurde kinne. It giet dan om bygelyks fideo-bantsjes út de jierren santich en tachtich.