Omhing- en blowferbod yn Snits

31 maaie 2007 - 17:29
  • Joint bouwe mei noch wol, mar opsmoke net

Yn Snits komt nei alle gedachten in ferbod om mei groepen op strjitte om te hingjen en hasj of wyt te smoken. Boargemaster en wethâlders hawwe dat besletten op oantrunen fan de plysje.

Bewenners fan 'e Wetterpoartestêd hawwe hieltyd mear lêst fan iepenbier drugs- en drankgebrûk. Der is ek oerlêst fan groepen dy't foarbygongers lestichfalle. De gemeenteried moat op 3 juli noch al ta set oer de maatregel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)