Rekkenkeamer moat ûnôfhinklik

Wer ien opstapt om saak-rekkenkeamer yn Harns
Yn de rekkenkeamer fan de gemeenteried fan Harns moatte tenei gjin riedsleden mear sitte. Dat seit fraksjefoarsitter Gerben Boskma fan it CDA.
De ried hat krityk op it rapport fan de rekkenkeamer, dêr't hurd yn úthellet wurdt nei it gemeentlik finansjele belied. CDA-wethâlder Waaijer stapte dêrom op. Dat lei druk op it CDA, om't der ek in CDA'er yn 'e rekkenkeamer sit. Der is gjin sprake fan in krisis, seit Boskma.