Frisia noch net degradeard

31 maaie 2007 - 12:23

Fuotbalklub L.A.C. Frisia kin mooglik dochs noch yn de twadde klasse bliuwe. De Ljouwerters wienen dit wykein nei it 2-1 ferlies tsjin Stienwyk degradearre. Mar de skiedsrjochter makke yn dy wedstriid in fout. Hy joech Daniël Dijkstra fan Frisia in twadde giele kaart en dus read. Mar Dijkstra hie noch gjin giel.

Omdat de reade kaart yn de 86ste minút foel, spylje Frisia en Stienwyk de lêste fjouwer minuten snein noch oer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)