Kadobon foar bioprodukten

© Omrop Fryslân
De biologyske sektor is mei in kampanje út ein set foar kadobonnen. De namme fan de bon is 'Bioboppebon'. Hy is te keap by biologyske winkels en op in spesjale ynternetside. De ûntfanger kin mei de bon in pakket mei Fryske biologyske streekprodukten ôfhelje of oan hûs bringe litte.
Deputearre Andriesen krige tongersdei de earste Bioboppebon fan 'Boer zoekt vrouw' Jochem út Kimswert. Doel is dit jier 2500 bonnen te ferkeapjen.