Rjochtsaak oer aaisykjen

31 maaie 2007 - 11:47

De rjochtbank yn Ljouwert bûcht him tongersdei oer it ljipaaisykjen. De Faunabeskerming hat dêr in boaiemproseduere oer oanspand. Oan de oarder komme de betingsten dêr't de provinsje it aaisykjen ûnder tastiet. Dan giet it bygelyks it beheinde tal aaien dat aaisikers út it fjild meinimme meie.

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten ferwachtet net dat troch de saak it aaisykjen yn Fryslân ferbean wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)