GGD klear foar HIV-fragen

31 maaie 2007 - 10:50

De GGD-Fryslân is klear foar fragen oer besmettings mei it HIV-firus. De organisaasje docht dat nei oanlieding fan it nijs út Grins. Dêr binne op seksfeesten manlju ynspuite mei HIV-besmet bloed nei't se ferdôve wiene mei drugs. By de Fryske GGD sit in ferpleechkundige klear om fragen te beantwurdzjen. Yn de Fryske homowrâld binne ek grutte soargen oer de HIV-besmetting yn Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)