Swalker stekt plysjeauto oan

© Omrop Fryslân
By it plysjeburo oan de Gardenierswei yn Ljouwert is woansdeitenacht in plysjeauto yn 'e brân stutsen troch in swalker. De man hie earst de ruten fan de auto ynsmiten. De plysje koe krekt op 'e tiid de fliermatten út de auto weihelje. Dêrtroch koe foarkommen wurde dat de auto ôfbaarnde.
De man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak is oanhâlden. Hy hat tajûn dat er it dien hie. De swalker is yn 'e sel set.