Fallende betonplaten fiadukt

31 maaie 2007 - 09:42

Fallende betonplaten oan de binnenkant fan in fiadukt by Aldeholtwâlde hawwe foar gefaarlike situaasjes soarge op autodyk A32. De platen lieten los nei't in kraan der tsjinoan riden wie. Der hawwe har gjin persoanlike ûngemakken foardien.

Rykswettersteat hat de saak neisjoen en bliken die dat der noch folle mear stikken beton los sieten. In boubedriuw hat alle betonplaten fuorthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)