Gearwurkje tsjin mishanneling

© Omrop Fryslân
Ynstellings binnen it platfoarm bernemishanneling Fryslân lûke de bannen strakker mei-elkoar oan. De gearwurking is yn de rin fan de jierren losser wurden. De kâns op flaters by de oanpak fan bernemishanneling waard sa de ôfrûne jierren grutter.
Nije ôfspraken moatte de mooglikheid op slimme gefallen lykas de saak Savanna lytser meitsje. Tongersdei ûntekenje de partijen in ferklearring.