Foarlêzen berjochten op sites

30 maaie 2007 - 21:44

De nijsberjochten op de websites fan de streekkranten de Nieuwe Ooststellingwerver en de Stellingwerf kinne tenei ek ôfharke wurde. De nije foarlêsfunksje is benammen bedoeld foar minsken dy't blyn binne of min lêze kinne.

De nije funksje fan útjouwer Boom út Meppel is foarearst in proef fan in heal jier. At dy foldocht wurdt de foarlêsfunksje op de ynternetsites útwreide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)