Wer goud Kramer op 5000 meter

23 mrt 2012 - 19:23

Sven Kramer hat foar de fjirde kear in gouden medalje helle op de 5.000 meter by it WK ôfstannen. Op it iis fan Thialf einige de Fries freed mei 6.13,87 foar Bob de Jong (6.15,26) en de Amerikaan Jonathan Kuck (6.16,28).

Kramer kin, nei syn blessuereperioade, weromsjen op in goed seizoen. Earder pakte er al de titel by it EK en WK allround.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)