Wetterbuert wer populêr

30 maaie 2007 - 16:38

De Wetterbuert op it Hearrenfean is wer in populêre lokaasje om te wenjen. De buert stie in skoft lang bekend as probleemwyk. Om't de kwaliteit fan de wenten net goed wie, giene in protte bewenners fuort. Ynstee dêrfan kamen gesinnen mei sosjale problemen.

Yn totaal is 40 miljoen euro ynvesteard om de Wetterbuert wer op te knappen. Der binne wenten sloopt, nije wenten boud en mear as 200 huzen binne renovearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)