'Maatregels tsjin topamtner'

Deputearre Steaten moat disiplinêre maatregels nimme tsjin algemien direkteur Wibier. In moasje fan dy strekking is woansdei oannaam troch Provinsjale Steaten. Wat de maatregels krekt ynhâlde is net bekend.
De moasje is in foarse tik op de fingers foar Wibier. Him wurdt ferwiten dat hy syn mandaat by de tydlike húsfesting oerskrieden hat en it kolleezje net ynformeard hat oer de grutte finansjele risiko's.